Mixed feelings

Der leit in nij regearakkoart. VVD en PvdA hawwe mei it programma “Bruggen slaan” in nije koerts útsetten. Se wolle foar fjouwer jier oan de bak. Der is winst behelle, mar der sitte ek rare dingen yn dat programma. Lit ik begjinne mei de aardige dingen.

Kultuer
Rutte I wie in ramp foar de kultuersektor. Der is foars besúnige op de troch it ryk subsidiearre kulturele ynstellings. Mar dêr oerhinne lei Rutte I it near op de hiele kulturele sektor troch ferheging fan de btw fan it lege nei it hege taryf. Dêr hat it regearakkoart it streek trochhinne setten. Dat is goed nijs foar de pleatslike toanielútfierings en de iepenloftspullen. Mar dêr stiet daliks tsjinoer dat it program in ramp is foar de omropppen. It is wer sa’n Haachske streek om alles nei it ryk te heljen as se tinke dat it jild opsmyt. De oanhef fan de mediaparagraaf klinkt prachtich: “Centraal in het mediabeleid staat het waarborgen van een onafhankelijk, gevarieerd en hoogwaardig aanbod, toegankelijk voor alle lagen van de bevolking.” Dat klinkt hiel moai. Mar it wurdt gûlen as wy de sin lêze dy’t dêrnei komt: “De regionale omroepen worden niet langer gefinancierd door de provincies, maar door het rijk. Het budget wordt overgeheveld van het provinciefonds naar de mediabegroting.” It is de minachting foar de regio’s dy’t ek fierder út it programma sprekt. En op de 142 miljoen wurdt der 25 miljoen koarte, sa leze wy op side 74. Wat is sa de takomst fan Omrop Fryslân? De provinsje hat troch de jierren hinne in soad jild yn stutsen yn de Omrop en de Omrop ek foarsjoen fan foarsjennings sadat life-útsjoerings út de hiele provinsje mooglik binne. Komt dêr in ein oan? En wat bliuwt der mei in lanlike regeling oer fan it Fryske karakter fan de Omrop?

Natuer
Fryslân kint sa’n 25 ruilverkavelings. De foarsitters fan de kommisjes komme sa no en dan by elkoar om te besprekken hoe’t it giet. It ferhaal is simpel: troch Bleeker gie it net. Hy luts it jild foar de Investeringsregeling landelijk gebied (ILG) yn en dermei lei er yn ien kear alle projekten plat. Hy trof dermei syn eigen achterban hiel bot. It nije regearakkoart is in ferbettering. It is helder wat der no stiet: “De ecologische hoofdstructuur wordt uitgevoerd, inclusief de verbindingszones, maar we nemen er meer tijd voor.’ En ‘Het beheren en beschermen van bestaande natuurgebieden krijgt voorrang.’ Derfoar giet der 200 miljoen nei it provinsjefûns. Ik tink dat de rjochtse stagnaasje hjir trochbrutsen is.

Sosjaal
Ien fan de belangrykste eleminten – mar nearne neamd – is dat der mei wat mear ferstân fan saken sjoen is nei de sosjale wurkpleatsen en it oerheveljen fan minsken mei beskerme arbeidsplakken nei de ‘vrije markt’. It wetsfoarstel ‘Werken naar Vermogen’ giet de prullebak yn. It regear makket in kwotumregeling yn it ramt fan in nije Participatiewet. Der wurdt tiid foar nommen; it foarstel is dat de gruttere ûndernimmers yn seis jier fiif prosint arbeidsplakken ynromje moatte foar arbeidsgehandikapten. Wy sille sjen wat der fan komt, mar it iene proses is keppele oan it oare. Hoe’t dêr dan mei omgiet wurdt, is in kwestje fan de minister fan sosjale saken.

Yn in spesjaal kader wurdt oanjûn dat it kabinet stribbet nei ien mienskiplike sosjale aginda nei ‘sociale partners’. It kabinet wol yn oerlis oer al dy saken dy’t de fakbeweging reitsje: ûntslachregelingen, de ww, mar ek oer it plak fan de flekswurkers. Der sil in soad ôfhingje fan de ynset en de kreativiteit fan Lodewijk Asscher. Nederlân is oer hast alle boegen yn Europa koprinner wat ekonomy en arbeid oangiet (arbeidspartisipaasje, produktiviteit). In fierdere fleksibilisearring fan arbeid troch ferromming fan it ûntslachrjocht draacht neat by oan fersterking fan de ekonomy. It tsjinoerstelde is earder wier: fleksibel wurk betsjut minder belutsenheid by it wurk en by de ûndernimmer dêr’t jo (tydlik) foar wurkje. It kommintaar fan heechleraar Alfred Kleinknecht is dat ‘versoepeling van ontslagrecht slecht is voor innovatie’! It sil ek hjir wer fan de minister ôfhingje wat der wier makke wurde kin fan de fraaie útspraak: “We nemen initiatieven om flexibele en vaste arbeid beter met elkaar in balans te brengen.

Grutskalich
It meast teloarstellend fyn ik it programma op it mêd fan bestjoerlike reorganisaasje fan Nederlân. It Haachske machtssintrum fan dit lân is net fan doel macht ôf te stean. Wat nei Europa oerhevele wurdt, moat kompensaasje fine. Derta moatte de provinsjes koarte wurde yn har takenpakket en op termyn opdoekt. Tagelyk hawwe jo dan in probleem, en dus moatte gemeenten opskale wurde ta 100.000 ynwenners.

It is ûnnoazel, en wol om twa redenen. Yn it foarste plak docht it ryk hjir wat se earder ûnder pears dien hat mei de soarch, it ûnderwiis en de wenningbouwkorporaasjes. Grutskalich moast it wurde. De managers oan de macht. It soe allegear effisjenter wurde. Stjoere op kengetallen en lump-sum. Wy witte dat it neat wurden is en dat der noch hieltyd wraksele wurdt mei kontrôle oer ditsoarte monsters: korrupte korporaasje-direkteuren, faillite ûnderwiisynstellings. Der wie net foar neat in kommisje-Deijsselbloem dy’t de ellinde foar it ûnderwiis yn kaart brocht. Oanstjoering op ien aspekt, it jildlike, liedt ta ellinde. It is net effisjent, it tsjinnet de belangen fan managers.

De motivaasje is dat de gemeenten nije taken krije. Dus moatte se grutskalich wêze. It is it trochlûken fan de lijn fan pears. Dat is ek sa jo betinke dat dy nije taken ôfnommen binne fan de ‘sociale partners’. Sociale wetjouwing waard yn earder tiden útfierd troch bedriuwsferienings en dy waarden net langer fertouwd troch de polityk. Nei de WAO-affêre wie ek de PvdA foar flinkse polityk. It wie tenei de lanlike oerheid dy’t de útfiering fan de sosjale sekerheid op him naam. En dyselde lanlike oerheid wol no de gemeenten dat wurk taskowe. It is stridich mei wat der yn de fakbeweging oan opfettings libbet (Ton Heerts sei dizze dagen nochris dat de sociale wetjouwing de fakbeweging ûntnommen is) en degradearret de gemeente ta útfieringsorgaan fan it Ryk. Dat is stridich mei opfettings oer demokrasy dy Nederlân ûnderskreaun hat yn it ramt fan de Rie fan Europa. Yn earder tiden naam Nederlân lannen yn East-Europa de maat; no foldocht it lân der sels net iens mear oan.

Ekonomy
Ta beslút noch in opmerking oer de besunigings. Der is in europeeske noarm dat oerheden har finansieringstekoarten beheine moate ta trije persint. Dus moat der besúnige wurde. Mar hoe ferstannich is dat? Yn de jierren tritich waard Nederlân skea oandien troch in krampachtich fêsthâlden fan de gouden standaard. Colijn-polityk. De belangen fan de besitters fan oandielen sintraal, net it draaie litte fan de ekonomy. No binne wy wer krampachtich oan de gong. Altiten is der leard dat de oerheid by stagnaasje de ekonomy oanfiterje moast. En dêr is no alle reden ta. Mar yn stee dêrfan fersterket it Europeeske besunigingsbelied de stagnaasje.

Twa diskusjepunten yn dat ramt. Yn it foarste plak: as de oerheid ABN-AMRO keapet, liket dat skuld. Mar it is te sjen as in ynfestearring. As it ryk diken oanleit, en derfoar lient, is dat skuld. Mar it is ek in ynfestearring. En ynfestearrings fertsjinje jo werom yn de rin fan de jierren. En boppedat learde Cees de Galan ús indertiid dat soks foar de oerheid goed útpakt; troch de (beheinde) ynflaasje ferminderet it gewicht fan dy skuld mei de tiid. It twadde plak: hoe moat it no mei de Europeeske ôfspraken? Besúniging nei trije persint is ien ôfspraak. In oare ôfspraak is dat it ‘nationale spaaroverschot’ fan in lân net mear wêze mei as 6 persint. Yn Nederlân is dat no sa’n 10 persint fan it bruto binnenlânsk produkt. Dat is tefolle. Flip de Kam formulearre in mooglike oplossing sa: “Nu gezinnen en bedrijven schulden aflossen, is de overheid de enige partij die het nationale spaaroverschot kan verkleinen door haar tekort op te voeren. Daar moeten we gebruik van maken door in Brussel voor de overheid meer ruimte vrij te maken om meer te investeren met geleend geld”. It is mar goed dat de PvdA de minister fan finânsjes leveret. As aansens de SPD yn Dútsklân oan de macht komt, kin der Europeesk in better belied fierd wurde.

Bertus Mulder