Komasûpe en Fasâlden

Op moandei 12 desimber reizge ik mei Myriam Loonen en Hannie Gorter fan Sigerswâld nei Hoorn. De beide dames binne de dragende krachten achter “Vroeg op stap”, de aksje om troch betidere slútingstiden fan de horeka de nachtbrakerij fan de jongerein yn it wykein te damjen, it yndrinken binnen de stringen te hâlden en derfoar te soargjen dat de jeugd moandeis net folslein útteld yn de skoallebanken sit. Sa begûn har aksje – oarder op saken yn de húshâlding, aksje nei de gemeentlike polityk ta om de slutingstiden better te regeljen. Fan it ien kaam it oar. No wiene wy ûnderweis nei in konferinsje yn West Friesland.

Tsien gemeenten hawwe har dêr bûgd oer it alkoholfraachstik. Mei elkoar ien line lutsen oer de slútingstiden. Mar tagelyk each foar it folle gruttere fraachstik dat him yntusken oantsjinnet: de jeugd dy’t syn eigen takomst ûnderút hellet troch him lazerus te sûpen. Komazuipen, hjit dat. En dat nimt noch hieltyd ta. It tal jonge minsken ûnder de sechttjin dat him (of har) folslein foljit en yn it sikehûs bedarret, giet omheech. Der wie yn Hoorn in grut foarum. Boargemaster Onno van Veldhuizen, klinysk psycholooch Ad Kerkhof, de bernearts Arjen Verboom fan de alkoholpoli, Cees Wijnker fan de regionale polysje, Nico Plug fan de GGD en wethâlder Dirk te Grotenhuis. Der wiene ek fertsjinwurdigers fan de Horeca en fan de bransjferiening CLB fan de supermerken. Se waarden befrege troch Filemon fan BNN’s Slikken en Spuiten.

Wat bot nei foaren kaam wie de skea dy’t oanrjochte wurdt troch alkohol, benammen op de harsens salang minsken yn de groei binne, oant 24 jier! It komasûpen hat direkt gefolgen foar it learen op skoalle – jo ûnthâld wurdt minder, it kin samar twa skoallenivo’s skele. En dy gefolgen binnen foar it hiele libben. Nederlân, sa stie deselde dei yn de NRC, is koprinner as it giet om it drinken fan jonge minsken fan alkohol. Spitich om sizze te moatten dat de PvdA yn de Twadde Keamer net meiwurke oan ferheging fan de leeftiid werop alkohol ferkocht wurde mei fan 16 nei 18 – in foarstel fan de Christen Unie. Us Keamerlid Bouwmeester fynt no ienris dat earst de handhavening op de besteande rigels better organisearre wurde moat. In alibi om neat te dwaan. Miskien helpe simpeler rigels.

In hiel soad jonge minsken fan 15 jier hie meidien oan in eksperiment om yn supermerken of kafé’s bier te keapjen. Derby soe troch de winkels frege wurde moatte nei har leeftiid en ID-kaart. Der wie lykwols gjin inkelde beheining – der waard altiten ferkocht! “Het is ook moeilijk om te zien of ze vijftien of zestien zijn”, wie de reaksje. En as se mei in ploech foar in kafé steane, en se hawwe foar in part al te folle op, dan woe de horeka gjin ellende mei in hiele groep en liet de jongelju ta. Toppunt, djiptepunt, wie it optreden van de ‘moedige moeders’ út Volendam. In mem en in heit diene it ferhaal oer har bern, dy’t stikem op 14-jierrige leeftiid oan de drank en de drugs rekke wiene. No wiene se om de 30. “Gelukkig zit hij nu in de gevangenis, gedwongen af te kicken”, wie de fersuchting fan ien fan de beide.

Nij foar my wie de term FASOUDERS: “Drinkende kinderen van nu, zijn de fasouders van straks”, stie op in folder. (www.rooshaase.nl.) Roos Haase hat de soarch foar bern op har noed nommen dy’t fan jongsôf oan beskeadige binne troch alkohol. Jong alkohol drinke betsjut in weifallen fan grinzen, agresje yn de omgong mei oaren, mar benammen grutte risiko’s as der bern komme. In sitaat: – “als je nog in de buik van je mama woont en alles moet nog groeien kun je beter GEEN alcohol dringen want dan staat de groei stil van dat piepkleine babytje en kun je niet als een gezonde baby geboren worden. Ze zit ademloos te luisteren, het blijft nog even stil, dan opeens vraagt ze: “Waarom heeft mijn buikmama dan alcohol gedronken?” En omdat het altijd haar buikmama blijft, zeg ik dus “Lieve schat, ze wist het niet en ze deed het niet expres”. Ik voel dat het stuntelig is, maar hoe moet ik het haar anders vertellen […] Ze is nu tien maar haar denkvermogen is misschien 5 jaar. Niemand weet hoe ze zich zal ontwikkelen in de toekomst.”

FAS-kinderen: “Er was iets behoorlijk mis met deze kinderen. Het slechte slapen, een gevolg van melatoninetekort. Normaal maakt je lichaam dat zelf aan. Deze lijfjes kunnen dat niet. De vaak rotte tandjes, geen glazuuraanmaak, het lage gewicht en in lengte veel te klein. Ons meisje dat zich steeds verslikte en de woorden niet goed kon en kan uitspreken, het is zoveel wat mis is en waar deze kinderen verder mee moeten leven. We doen ons best om er wat van te maken, maar het is heel zwaar.“ In skoft lyn brocht PriceWaterhouseCoopers in rapport út oer de maatskiplike effekten van alhokolgebrûk. Want de drankyndustry dy’t drank ferbynt mei jeugd, sport en geselligens, en miljoenen útlûkt foar reklame, draait dêr net foar op; dy strykt de winst op fan de ellinde dan de oar. De kosten binne foar de maatskippij; per jier- en alle jierren wer – bedraacht de ramp 2,6 miljard euro.

Ferkearsslachtoffers, korsakof-pasjenten, en ien op de tsjien Nederlanners dy’t winliken alkoholist is. Bern dy’t op skoalle net meikomme kinne. FAS-kinderen.. Mar in stringent alkohol-belied fiere yn den Haach? No nee. Se knipe de eagen ticht. En – sa siet ik my of te freegjen – wêrom kinne se yn West-Friesland wol in aksje fiere (no al fjouwer jier lang, en se geane troch) om de jeugd fier fan de alkohol te hâlden en bliuwe hjirre de bestjoerders, de boargemasters fansiden stean? Te yngewikkeld? Al dy bestjoerders? De GGD is yn Fryslân provinsjaal organisearre. De polysje is dat ek. De Provinsje soe fanwegen komme, kinne, mar stjit op it bestjoerlik ûnfermogen fan de VFG, de Vereniging van Friese gemeenten.